Andreas Gabalier
Andreas Gabalier | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Eastenryksk | |
berne | 21 novimber 1984 | |
berteplak | Friesach | |
etnisiteit | Eastenriker | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Dútsk, Beiersk | |
jierren aktyf | Sûnt 2009 | |
offisjele webside | ||
www.andreas-gabalier.at |
Andreas Gabalier (berne by Friesach op 21 novimber 1984) is in súksesfolle Eastenryksk sjonger fan de saneamde Volkstümliche Musik. Gabalier is fral tige bekend yn Eastenryk, Switserlân en Dútslân.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andreas Gabalier is de op ien nei âldste fan de fjouwer bern fan Wilhelm en Huberta Gabalier. Hy waard grutbrocht yn Graz yn it easten fan Eastenryk. Njonken de ferneamde dûnser Willi Gabalier hat er noch in jongere broer. De Frânske famyljenamme Gabalier stamt fan in soldaat, dy't yn de Frânske Tiid yn 1796 yn it ramt fan de Italjaanske kampanje fan Napoleon Bonaparte nei Eastenryk kaam en dêr bleau.
De heit fan Gabalier ferstoar yn 2006 oan selsdeading en syn jongere suster ferstoar yn 2008. It liet Amoi seg' ma uns wieder ("Ienris sjogge wy inoar wer") is wijd oan syn heit en suster.
Fan 2013 oant septimber 2019 hie Gabalier in ferhâlding mei de Eastenrykske moderator Silvia Schneider.
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2012: in ECHO yn de kategory Volkstümliche Musik
- 2012: Amadeus Austrian Music Award yn de kategory Schlager en Best Live Act
- 2012: Bambi yn de kategory Shooting Star
- 2013: Amadeus Austrian Music Award yn de kategory Volkstümliche Musik
- 2015: Amadeus Austrian Music Award yn de kategory Best Live Act
Gabalier krige foar syn wurk in rige gouden en platina platen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Andreas Gabalier fan Wikimedia Commons. |